Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Firefox fs Microsoft Edge

Firefox makket privacybeskerming maklik en handich, sadat jo der gjin soargen oer hoege te meitsjen.

Wy blokkearje trackers standert. Edge net.

Wy biede ek maklik te brûken funksjes, lykas:

En wy meitsje it maklik foar jo om te kiezen hokker sykmasine jo brûke as jo sykje. Edge lit jo troch jo ynstellingen blêdzje om in oare sykmasine as Bing te brûken.

Microsoft moat har oandielhâlders bliid meitsje, mar wy kinne ús rjochtsje op jo lokkich meitsjen en stelle jo privacy foarop.

Oerstappe is ienfâldich

Oerstappe nei Firefox is maklik en fluch – ymportearje jo Edge-blêdwizers, jo wachtwurden, skiednis en foarkarren mei ien klik en wês daliks klear om Firefox te brûken. Hjir sjogge jo hoe’t jo de knop Ymportearje brûke om oer te stappen.